×

Yoors


exit_to_app Inloggen

camera_alt
Afbeelding toevoegen
60
Brief oan myn Heit!

Brief oan myn Heit!


Leave Heit, 

Wit do noch, in jier lyn. Ik wie heech swier, sinteklaas yn de oantocht en yn ús gesin wie it spitigernôch net allinne mar feest. Do wie siik, hiel slim siik, ongenêzen siik. Lytse Sjoukje is omtrint in jier âld. De lêste kear datsto by my op besite kaam, wie do op kream besite.

Ik wie heech swier en om dizze datum besletten wy dochs noch mei syn allegear in sobere sinteklaasjûn te hâlden. Lootjes waarden fluch lutsen en kadootsjes waarden helle. Ik hie dy wike noch wat ôfspraken stean by de internist en verloskundige. Alles rêstich, poppe docht it goed nettsjinsteande alles ik die it ek goed. 

Ik dreamde elke jûn deselde dream. As ik deroan tink stean de triennen yn myn eagen en tank ik God elke kear wer dat dy dream net is ût kommen. Dat do nammentlik sa ferstjerren foardat de lytse berne waard. 

Op de dei dat wy sinteklaas soene fiere (5 des) braken myn vliezen en 12 oere letter (6 des) , nei in hiele emotionele befalling wie dêr do pakesizzer en nammegenoatsje Sjoukje. Dy moarn waard do troch myn man ophelle. Do siet op de stoel, mei dyn pakesizzer. Ik seach datsto al dien krêft oanspruts om har fêst hâlde te kinnen, de details fan har gesicht yn dyn op te nimmen. Ik tink dat jimme nei 20 minuten nei hûs syn gien om't it al do krêft kostte om by ús te kommen. Op de foto's sjoch ik elke kear in ôfgryslik grutske pake en in hiele bysûndere lêste besite by ús thús.  


Ik bin sa ôfgryslik bliid datsto dy paksizzer noch fêst hast kinne hâlde. No kin Sjoukje al stean, krûpe as in mâle, rinne mei har rinfytske ,brabbelt as brêgeman en hja kent ek al in pear gebaren. 

Leave heit, do bist der net mear. 
Yn ús hert en tinzen bisto der altyd by en dat makket it gemis makliker. 

Leafs, Christien






Spourieloekie
Aiaiaiai, ik ben afkomstig van Gent en ke verstoa der dus gien kluten van.... :/ moar tzal kepeiset wel schune zein....
01-12-2016 13:14
01-12-2016 13:14 • 1 reactie • Reageer
De6klompjes
hahaha, voertaal met mijn vader was altijd Fries, een Nederlandse brief, tsja dat kan niet :P
01-12-2016 13:24
01-12-2016 13:24 • 1 reactie • Reageer
Ingrid Tips en meer
Goh het fries lezen gaat me best gemakkelijk af. En dat voor een Limburgse. Superlieve brief! Sterkte x
01-12-2016 12:19
01-12-2016 12:19 • Reageer